en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2018-07-26 17:01 —

Tresoar siket aventoerlike skriuwer (m/f)!

Hjoed begjint de seleksjeproseduere foar it folgjende Oare Wurden-ferbliuw: in Fryske auteur mei fan septimber 2018 ôf acht wiken nei Masedoanië om ynspiraasje op te dwaan, te (net)wurkjen en diel te nimmen oan kulturele aktiviteiten. Hy of sy docht dêrfan ferslach yn blogs. Foar dit útdaagjende karwei siket Tresoar in skriuwer of skriuwster mei in goed plan, de nedige ûnderfining yn de literêre wrâld en in sûne doasis moed. it ferbliuw moat resultearje yn in literêr wurk fan maksimaal 5000 wurden, yn it Frysk. Dat wurk wurdt oerset yn fiif talen foar publikaasje op de webside fan Oare Wurden/Other Words en yn in boekwurk.

Oant 24 augustus is er de mooglikheid om in foarstel yn te tsjinjen. De skriuwer (m/f) fan it bêste foarstel reizget heal septimber nei Masedoanië ôf. Foar ûnderdak wurdt soarge, en der is in honorarium en fergoeding fan de ferbliuws- en reiskosten beskikber.

Klik hjir foar in wiidweidige omskriuwing fan de funksje en mear ynformaasje oer it seleksjeproses.

It projekt Other Words/ Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It projekt is ûnderdiel fan it LF2018-programma Lân fan Taal, dat as doel hat doel om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens te posisjonearjen.