en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2017-03-23 09:15 —

Tresoar siket Fryske skriuwers foar ferbliuw yn Maribor, Slovenië

Hjoed iepenet de fjirde call foar it literêre útwikselingsprogramma Other Words / Oare Wurden. Fryske skriuwers kinne oant 20 maaie in foarstel yntsjinje foar in ferbliuw fan acht wiken yn de Sloveenske stêd Maribor. It ferbliuw fynt plak yn de perioade septimber-novimber 2017.   
   
Other Words is in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen. It projekt jout skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen. Doel fan sa'n ferbliuw is om in literêr wurk te meitsjen, mei te dwaan oan it kulturele libben yn it gastlân en in nij (skriuwers)netwerk op te bouwen. It úteinlike literêre wurk wurdt yn it Ingelsk en de oare dielnimmende talen oerset en op de webside fan Other Words publisearre. Yn ruil dêrfoar krijt de skriuwer in honoararium, in deistige talage en in fergoeding fan de reiskosten. Alle ynformaasje oer de seleksje, dielnamekritearia en honoararia stiet op de webside fan Tresoar: http://www.tresoar.nl/Pages/NieuwsEnAgenda.aspx
 
Maribor leit yn Noardeast Slovenië, oan de rivier de Drava. Mei rom 100.000 ynwenners is it de twadde stêd fan Slovenië. It hat in universiteit en in bloeiend kultureel klimaat. Oant 1918 hearde Maribor by Eastenryk-Hongarije. Nei de Earste Wrâldoarloch hearde Maribor by it Sloveenske part fan it keninkryk Joegoslavië. De offisjele taal yn de stêd wie doe Sloveensk, mar in grut part fan de befolking wie Dútsktalich. Yn 1941 waard de stêd troch de nazi’s ynnommen. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie Slovenië earst in dielrepublyk fan it Joegoslavië fan Tito. Yn 1991 waard it in ûnôfhinklike republyk.

Yn de perioade 2016-2018 kinne fiif Fryske skriuwers oan de útwikseling fan Other Words meidwaan. Yn 2016 wienen André Looijenga yn de stêd Bitola yn de Republyk Masedoanië en Bart Kingma yn San Sebastian yn Spaansk Baskelân. Ynkoarten ferbliuwt de Biltske skriuwer Gerard de Jong acht wiken yn San Sebastian. Begjin juny makket de sjuery, dy’t bestiet út Tryntsje van der Steege, Marijke de Boer en Bart Kingma, de kandidaat foar Maribor bekend.

De dielnimmende lannen en regio’s oan Other Words binne op dit stuit Baskelân, Ierlân, Slovenië, Masedoanië en Fryslân. Ynsidinteel kinne oare Europeeske partners, lykas Wales, Malta en Oksitanië, oanslute. De kommende jierren sil besocht wurde om mear lannen en regio’s foar it projekt te ynteressearjen.  Yn Fryslân wurdt it projekt útfierd troch Tresoar, yn gearwurking mei de provinsje Fryslân en Ljouwert-Fryslân 2018. Other Words / Oare Wurden is ûnderdiel fan it kulturele haadstêdprogramma Lân fan Taal.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei:

Syds Wiersma,  projektlieder Other Words / Oare Wurden Fryslân
Til. 058-7890714
otherwords@tresoar.nl