en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-04-14 11:00 —

Tresoar siket Fryske skriuwers foar ferbliuw yn San Sebastián (Baskelân)

Op 14 april iepenet de twadde call foar it Europeeske literêre útwikselingsprogramma Other Words/Oare Wurden. Fryske skriuwers kinne oant 15 juny útstellen yntsjinje foar in ferbliuw fan acht wiken yn de Baskyske stêd San Sebastián, kulturele haadstêd fan Europa yn 2016. It ferbliuw fynt plak yn de perioade fan oktober oant desimber 2016.

Fiif Europeeske lannen en regio’s hawwe de hannen yn inoar slein om in literêr netwurk op te bouwen foar skriuwers fan lytse en minderheidstalen. Njonken Fryslân dogge ek Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië mei oan it projekt Other Words/Oare Wurden. Ynsidinteel slute oare Europeeske partners oan, lykas Wales, Malta en Occitanië.  

Other Words/Oare Wurden jout skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen en dêr aktyf mei te draaien yn it kulturele libben. Doel fan sa'n ferbliuw is om in folslein literêr wurk te meitsjen, mei te dwaan oan it kulturele libben yn it gastlân en in nij skriuwersnetwerk op te bouwen. It literêre wurk wurdt oerset yn fjouwer oare talen en online publisearre. Yn ruil dêrfoar krijt de skriuwer in honoararium, in deistige talage en reiskosten. Alle ynformaasje oer de seleksje en dielnamekritearia stiet op www.tresoar.nl.  

Yn totaal kinne fiif Fryske skriuwers, ferspraat oer in perioade fan trije jier, oan dizze útwikseling meidwaan. Koartlyn waard André Looijenga selektearre foar it earste skriuwersferbliuw, yn de stêd Bitola yn de Republyk Masedoanië. Hy sil dêr yn de perioade fan juny-july 2016 wêze.  

Yn Fryslân wurdt it projekt Other Words/Oare Wurden útfierd troch Tresoar, yn gearwurking mei de provinsje Fryslân. It is ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêd 2018-programma Lân fan Taal, dêr’t  Fryslân mei, troch in ferskaat fan projekten, it Europeesk kennissintrum fan Meartalichheid wurde wol.