en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-11-29 11:00 —

Tresoar siket skriuwers yn in Fryske steds- of streektaal foar ferbliuw yn San Sebastian

Hjoed iepenet de tredde call foar it Europeeske literêre útwikselingsprogramma Other Words / Oare Wurden. Dizze kear giet it om in alternative call. Net skriuwers yn it Frysk mar skriuwers yn ien fan de Fryske steds- of streektalen (in stedstaal, it Stellingwerfs, it Bilts, in eilântaal, ensfh.) kinne oant 1 febrewaris in foarstel yntsjinje foar in ferbliuw fan acht wiken yn de Baskyske stêd San Sebastian. It ferbliuw fynt plak yn de perioade fan april oant juny 2017.   

Other Words is in Europeesk útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse talen. Omdat it reglemint fan it projekt oarspronklik net foarseach yn dielname fan skriuwers yn lytse talen (oars as it Frysk) binnen de dielnimmende regio’s, hat Tresoar fersocht om op syn minst ien call iepen te stellen foar dy skriuwers. Dat fersyk is koartlyn honorearre. Skriuwers yn ien fan de Fryske streek- of stedstalen kinne no in foarstel yntsjinje foar in ferbliuw yn San Sebastian. 

Other Words jout skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen en dêr aktyf mei te draaien yn it kulturele libben. Doel fan sa'n ferbliuw is om in folslein literêr wurk te meitsjen, mei te dwaan oan it kulturele libben yn it gastlân en op dy wize in nij skriuwersnetwerk op te bouwen. Nei it dienmeitsjen fan it literêre wurk wurdt it yn de oare dielnimmende talen oersetten en online publisearre. Yn ruil dêrfoar krijt de skriuwer in honoararium, in deistige talage en in fergoeding fan de reiskosten. Alle ynformaasje oer de seleksje, dielnamekritearia en honoararia stiet op de webside fan Tresoar.

Yn totaal kinne fiif Fryske skriuwers yn de perioade 2016-2018 oan de útwikseling meidwaan. Begjin 2016 waard André Looijenga selektearre foar it earste skriuwersferbliuw yn de stêd Bitola yn de Republyk Masedoanië. Op dit stuit ferbliuwt Bart Kingma yn San Sebastian yn Spaansk Baskelân. Yn de perioade april-juny 2017 stjoere wy no dus in twadde skriuwer út Fryslân nei San Sebastian. Wy roppe skriuwers yn ien fan de Fryske steds- of streektalen op om mei foarstellen te kommen. Begjin febrewaris makket de sjuery, dy’t bestiet út Tryntsje van der Steege, Marijke de Boer en Bart Kingma, de keazen kandidaat bekend.  

De dielnimmende lannen en regio’s oan Other Words binne op dit stuit Baskelân, Ierlân, Slovenië, Masedoanië en Fryslân. Ynsidinteel slute oare Europeeske partners oan, lykas Wales, Malta en Oksitanië. De kommende jierren wurdt besocht om mear lannen en regio’s yn it projekt te beheljen.  Yn Fryslân wurdt it projekt útfierd troch Tresoar, yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân. It is ûnderdiel fan it LWD 2018-programma 'Lân fan Taal'.