en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2017-05-08 13:35 —

Trevor Scarse kontraktearre as oersetter Frysk-Ingelsk foar Other Words

Other Words Fryslân hat oersetter Trevor Scarse kontraktearre om it wurk dat de Fryske skriuwers foar Other Words meitsje oer te setten nei it Ingelsk. Ynkoarten sille de ferhalen dy’t André Looijenga yn Masedoanië en Bart Kingma yn Baskelân skreaun hawwe, yn it Frysk en Ingelsk op de webside fan Other Words ferskine.    

Trevor Scarse studearre skiednis yn Grins en Leuven, dêr't er twa master skripsjes skreau oer sport en polityk yn de Aldheid: yn Hellenistysk Súdwest Turkije en Egypte (300 fK. oant 100 nK).

Sûnt syn stúdzje is er as oersetter oan it wurk. Syn fokus leit op it oersetten fan Frysk nei Ingelsk en oarsom, want hy is Frysk-Ingelsk grutbrocht, mei in Fryske mem en in Ingelske heit. Fan syn oersetwurk is Reade Triedleas / Red Wireless, de earste dichtbondel fan Sigrid Kingma (2016), it taastberste foarbyld. Op it stuit is er dwaande mei it oersetten fan in pear ferhalen fan de Amerikaanske auteur Howard Phillips Lovecraft (1890-1937).

Fierders hat Scarse harkopdrachten en -toetsen makke foar Stepping Stones, in lesboek Ingelsk foar middelbere skoallen. Hy hat ek ûnderfining mei de online marketing fia Parkos, in ynternasjonale fergelikingswebiste foar parkearplakken by fleanfjilden.

It measte fan syn wurk bringt er byinoar yn syn eigen bedriuw Wiiswurd, dêr’t er ek websiden foar makket. Sjoch: www.wiiswurd.frl