en fy eu mk sl ga

Bart Kingma

2016-11-11 18:00 — Donostia

Unrêst

It is tongersdeitenacht, in oere as healwei fjouweren. Ik sit op de bank yn myn appartement. Daas. What the fuck haw ik hjir niiskrekt lêzen? It popte letterlik op, suverkrekt op myn facebook tiidline. Publisearre troch de offisjele Leonard Cohen facebookaccount, dus ik bin bang dat it wier is. Grif sil ik ien fan de alderearsten wêze dy't dit sjocht, want it gros fan Europa sliept. Fuortdaliks check ik de kranten op ynternet, google, mar it nijs is noch net oppikt troch oare media.

Myn tinzen geane troch de ôfrûne fjouwer wiken hinne dat ik hjir no yn Donostia sit. Fragminten fan gesprekken, gedachtes, belevenissen. Lykas it momint dat myn geweldige gids en buddy Idoia in foto fan my makke foar it legendaryske hotel Maria Christina. Withoefolle stjerren ha hjir sliept, mar dat boeit my net. Op ientsje nei. Hy wie hjir yn 1988, omdat er in optreden te dwaan hie yn San Sebastián. De bylden fan dit memorabele konsert stean op youtube. Ik koe se al fier foardat ik hjirhinne kaam. Elkenien soe se kenne moatte.

Der is wat nuvers mei my geande, hjir yn Baskelân. Yn 2008 – it jier fan Cohens revival nei sawat tweintich jier fan relative stilte – brochten we ús Fryske earbetoan oan de Kanadeeske bard út. It album waard in ûnferwachte súkses. Der wie in unike gemy ûntstien tusken de artysten, de lieten en de muzikale arranzjeminten. En we waarden fansels yn de kaart spile troch de weromkear fan Cohen sels, en syn nije populariteit. Yn 2009 lieten we de cd/dvd folgje troch in muzikale teaterfoarstelling mei deselde minsken, dêr't songen waard en ferhalen fan Cohen ferteld. Ik kin my it gefoel fan dy jûnen noch altyd oproppe.

En doe binne we opholden mei it Cohen-wurk. Hiel bewust: it soe te maklik wêze om dermei troch te gean, it soe in keunstke wurde. Yn alle jierren tusken doe en no haw ik kategorysk 'nee' sein tsjin elk dy't frege oft it net in goed idee wêze soe om... 'nee'. Sûnder twivel.

Oant ik hjir yn Baskelân kaam. Idoia brocht my nei in konsert fan Petti Etxeko Uzta. Petti spile 'the Partisan' fan Cohen, in ferhaal oer de striid dy't in flechtsjende guerillastrider noch fiere moat om te oerlibjen. Ik krige pikefel. It wie net allinnich fanwege hoe't Petti song, mar it fielde foaral as paste it liet hjir, yn dit lân mei al syn ferhalen. In wike letter stie ik by in optreden fan Mikel Urdangarin, dy't in earbetoan die oan... ja, oan hím. In gefoel fan ûnrêste boaze wat oan yn my. Hiel foarsichtich brocht ik it op tafel doe't ik siet te praten mei Joseba Pena, myn kollega-skriuwer fan Oare Wurden. Hy reagearre fuortdaliks entûsjast en joech my de namme fan in Bask dy't Cohen-lieten oerset yn syn eigen taal. Mar ik hold it yn gedachten, hie mear tiid nedich om der op om te prakkissearjen.

Ik fertelde Idoia wat der yn my omgie, en se glimke. Oanwaaksjende krêften yn dyn siel kinst net altyd negearen bliuwe Bart, wie min ofte mear har antwurd. Mar ik hold it yn gedachten, hie mear tiid nedich... Soe it mooglik wêze om in gearwurking te finen tusken Baskyske en Fryske artysten, dat liedt ta... ja, ta wat eins? Ik twivelje. Jawis, it soe prachtich wêze, mar hoe moatte we... hâld it yn gedachten... mear tiid nedich... Yntusken regele Idoia in ôfspraak mei de Baskyske oersetter. Nije wike sille we inoar moetsje.

Mar no, om healwei fjouweren nachts, kin ik it nijs net leauwe dat ik krekt lêzen ha. And ik wit dat it de kommende dagen ûnrêstich bliuwe sil by my 'e holle.