en fy eu mk sl ga

Oprop oan Fryske skriuwers foar it oanfreegjen fan in liter

1. Wêr giet de oprop foar ‘Other Words’ oer?

‘Other Words’ (yn it Baskysk: ‘Beste hitzak’) is in literêre útwikseling foar skriuwers út gebieten fan lytse talen/ minderheidstalen.  Alle jierren dat it projekt rint, kiest elke dielnimmende mienskip twa skriuwers út foar in ferbliuw yn twa Europeeske regio's. Tagelyk ûntfangt de mienskip ek twa gasten út oare dielnimmende regio’s.

• It wurk dat skreaun wurdt as de skriuwer yn it bûtenlân ferbliuwt, wurdt oerset yn de talen fan de dielnimmende mienskippen en yn it Ingelsk, en wurdt online en op papier publisearre.

• De dielnimmende regio's binne Ierlân, Masedoanje, Sloveenje, Fryslân en Baskelân.

• Yn Fryslân is Tresoar de projektlieder.

2. Wat binne de wichtichste doelstellingen fan it projekt?

• Literatuer skreaun yn lytse talen of minderheidstalen bûten har normale grinzen ferspriede.

• De wearde fan ferskate talen beljochtsje, mei spesjaal omtinken foar lytse en minderheidstalen en oersettings.

• It folsleine proses fan in literêre kreaasje sichtber meitsje.

• It wurk fan de ferskate belutsen partijen (skriuwers, oersetters, organisatoaren ...) bekend meitsje by it publyk.

3. Wat is it earste ferbliuw en wat binne de deadlines?

• It earste ferbliuw fan in Fryske skriuwer yn it bûtenlân is de stêd Bitola yn it suden fan Masedoanje.

• It ferbliuw yn Bitola duorret acht wiken.

• De deadline foar it yntsjinjen fan útstellen foar in ferbliuw yn Bitola is 15 maart 2016.

• It ferbliuw fynt plak yn juny en july 2016.

4. Oan hokker betingsten moatte de projekten foldwaan  om útkeazen te wurden?

• Literêre projekten yn de Fryske taal dy’t troch ien persoan yn acht wiken skreaun wurde kinne, komme yn oanmerking om útkeazen te wurden.

• It wurk dat ûnder it bûtenlânske ferbliuw skreaun wurdt, moat in bepaalde folsleinens hawwe. It kin lykwols ek ûnderdiel fan in grutter projekt (in haadstik fan in roman, in ferhaal, in filmskript, in gedichtensyklus, in teaterstik, in rige songteksten, in libretto, ...) wêze.

• It moat foldwaan oan de fêststelde kritearia dy’t yn de oprop foar de oanfraach stean.

5. Wat wurdt beskôge as in literêr projekt?

• Literêre projekten dy’t yn oanmerking komme, binne fiksje, poëzy, non-fiksje (essays, memoires ensfh.), grafyske romans, literêre kritiken, hjoeddeistige biografyske / autobiografyske literatuer, drama, senario's, filmskripts, songteksten, ensfh.

• Dizze definysje slút religieuze, edukative en wittenskiplike teksten út.

6. Wat is it oanbod?

• Reiskostenfergoeding nei it plak fan ferbliuw.

• Fergoeding húsfesting (yn in ferbliuw dat troch it gastlân útkeazen is).

• In deifergoeding fan € 30.

• Honorarium foar it literêre produkt: 2500 € (foar acht wiken yn it gastlân).

• De publikaasje fan de makke tekst op de webside fan ‘Other words’ (oerset yn 5 talen).

• De publikaasje fan de tekst yn in blomlêzing fan it projekt op papier (oerset yn 5 talen).

• Ynternasjonale presintaasje.

7. Wat is nedich?

• In útwurke útstel foar in literêr projekt dat by it ferbliuw yn de gastregio dienmakke wurde kin.

• In útstel foar twa aktiviteiten dy’t ûnder it ferbliuw útfierd wurde. Dy aktiviteiten kinne bygelyks eveneminten mei publyk wêze, aktiviteiten mei bern of in soarte fan gearwurking mei in bûtelânske skriuwer/keunstner.

• Registraasje fan de kommersjele rjochten, in brûkersoerienkomst, oersetting en fersprieding op basis fan de folgjende betingsten: it doel is it befoarderjen fan kultuer yn it publike domein, open source-code en fergees tagong ta kennis, de kommersjele rjochten (reproduksje, oanpassing, oersetting, fersprieding ) oangeande it eigendom yn sawol digitale as printe foarm.

• Op basis fan in Creative Commons-lisinsje sille oerienkomsten makke wurde  mei elke auteur, yn sawol digitale as printe foarm.

8. Hoe moatte de útstellen yntsjinne wurde?

Om oan it projekt dielnimme te kinnen, moatte de kandidaten de folgjende dokuminten ynbringe:

• In dokumint dêr’t it projektplan yn beskreaun wurdt (op syn heechst 5 siden).

• In bywurke cv, dat in oersjoch jout fan de karriêre en it literêre wurk fan de skriuwer (op syn heechst 3 siden).

• Suggestjes foar de parallelle literêre aktiviteiten yn it gastlân.

• In kopy fan paspoart of identiteitskaart.

9. Wat binne de seleksjekritearia?

De neikommende aspekten wurde beoardiele:

• De literêre karriêre fan de kandidaat; publikaasjes, ûnderfining, ûnderskiedingen (30%).

• It potinsjeel fan de kandidaat, de beoardieling fan de mjitte fan ambysje, de orizjinaliteit en it konkurrinsjefermogen fan itfoarstelde literêre projekt (30%).

• De wearde fan de publike aktiviteiten op basis fan orizjinaliteit en doeltreffendheid (20%).

• De ferbining fan it projekt mei de wearden en doelstelings fan it Other Words-ynisjatyf (minderheidstalen, it kontakt mei kultuer, oersettingen, ...) (20%).

10. Wa dogge de beoardielingen?

De beoardielingskommisje bestiet út:

• Ernst Bruinsma, publisist, redakteur, útjouwer

• Marijke de Boer, publisist, redakteur

• Tryntsje van der Steege, publisist, redakteur 

11. Hokker proseduere wurdt folge?

De kandidaten hawwe in bepaalde perioade om harren útstellen yn te tsjinjen. Dy perioade begjint op de datum fan publikaasje fan de oprop ta kandidaatstelling en einiget op 15 maart 2016

Utstellen kinne op twa manieren yntsjinne wurde:


• E-mail: It ferstjoeren fan de nedige dokuminten nei: otherwords@tresoar.nl

• Gewoane post: It ferstjoeren fan de nedige dokuminten nei it neikommende adres: Tresoar, Projekt Oare Wurden, Postbus 2637, 8901 AC Ljouwert.

De beoardielingskommisje kin in yntsjinne útstel ferfalle litte as sy ta de konklúzje komt dat it útstel fan de kandidaat net foldocht oan de frege betingsten.

12. Wat wurdt der frege fan de selektearre skriuwers?


De selektearre skriuwers moatte:

• In oerienkomst tekenje dêr’t skriftlik yn fêstlein wurdt hokker bysûndere betingsten der binne foar it takennen fan de subsydzje. It folsleine kreative en artistike projekt spilet him ôf binnen it ramt fan dat dokumint.

• It literêre wurk ûntwikkelje en dienmeitsje.

• Dielnimme oan aktiviteiten mei de lokale mienskip.

• It literêre kreaasjeproses en it wurk dat tidens it bûtenlânske ferbliuw makke wurdt mei de mienskip diele troch mei te dwaan oan twa aktiviteiten.

• Regelmjittich ferslach dwaan fan it kreaasjeproses en de aktiviteiten yn it gastlân op de webside fan Other Words en mooglik ek yn media yn Fryslân. 

• Rekken hâlde mei ynterne regelingen oangeande it brûken fan de ta beskikking stelde romte (mooglike befeiligingsprotokollen, it brûken fan materiaal, ynstallaasjes ensfh.)


13. Hoe sille de betellingen dien wurde?


De finansjele middels sille sa betelle wurde:
• 40% fan it honorarium wurdt útbetelle as de subsydsjeoerienkomst ûndertekene is.

• 60% fan it honorarium oan de ein fan it ferbliuw as it makke wurk yntsjinne is.

• Oare fergoedingen sille útbetelle wurde sagau’t in oersjoch fan de kosten mei bewiisstikken yntsjinne binne.

14. Wat binne de betingsten oangeande it  yntellektueel eigendom?

• Oangeande it wurk dat ûnder it ferbliuw útfierd wurdt, sille de lisinsjes registrearre wurde neamd by punt 7 (altyd mei Creative Commons, mar ek mei de lisinsje dy’t mei de auteur oerienkommen is).

• De selektearre skriuwers wurdt mei klam frege om yn te stimmen mei it brûken fan harren nammen – binnen it projekt – troch dyjingen dy’t ferantwurdlik binne foar it ‘Other words’-projekt op de wize dy’t sy it meast gaadlik fine.

• Dielnimmers oan it ‘Other words’-projekt stimme dermei yn dat foto's (foto's, video's, lûdsfragminten ensfh.) dy’t fan har makke wurde yn it ramt fan it projekt, brûkt wurde meie foar ynformaasje en promoasje.

15. Hoe past de oprop yn it ramt fan de wet op de beskerming fan persoansgegevens?

Yn oerienstimming mei de bepalingen fan de wet oangeande de beskerming fan persoansgegevens, sille de jûne gegevens opnommen wurdeyn de kompjûterbestannen dy’t eigendom binne fan Donostia Kultura/San Sebastian 2016. Dy sille allinnich brûkt wurde om ynformaasje oer kulturele aktiviteiten en programma's te jaan. Yn gjin gefal meie de gegevens oan tredden dy’t net  by Donostia Kultura hearre, oerdroegen wurde. De dielnimmers sille altyd it rjocht hawwe op tagong, rektifikaasje en annulaasje fan gegevens troch te skriuwen nei Donostia Kultura (Plaza de laad Constitución, 1-20.003 Donostia) of nei it folgjende e-mailadres: bestehitzak@gmail.com

16. Wat hâldt it akkoard gean mei de betingsten yn?

Meidwaan oan de oprop betsjut it oannimmen fan it folsleine reglemint. It beslút fan de seleksjekommisje is definityf en stiet net iepen foar berop. Oangeande alle saken dy’t  net yn dit reglemint beneamd binne, hat Donostia Kultura/San Sebastian 2016 it wetlike foech om in definityf beslút te nimmen.

17. Wêr kin mear ynformaasje fûn wurde?

www.tresoar.frl

www.oarewurden.frl

www.bestehitzak.eus

www.otherwords.eu

www.donostiakultura.eus

www.dss2016.eu/eu/ahotsak/beste-hitzak

18. Wêr kinne fragen steld wurde?

Fragen kin steld wurde oan Syds Wiersma. Hy is foar Tresoar projektlieder fan Oare Wurden Fryslân.

 

otherwords@tresoar.nl

058-7890714 / 06-38018355