en fy eu mk sl ga

Tresoar (Frisian)

Tresoar is it ynformaasjesintrum oer Fryslân en de bewarplak fan de skiednis fan Fryslân. Tresoar hat in grutte kolleksje ynformaasjeboarnen oer Fryske ûnderwerpen: in grut tal yn Fryslân ferskynde kranten en tydskriften, hûnderttûzenen boeken wêrûnder eksimplaren út de biblioteek fan Erasmus, tsientûzenen foto’s, films, lûdsopnamen, rjochtbankferslaggen, notariële akten, de Atlas fan Blaeu, hânskriften en brieven fan bekende Friezen, bedriuwsargiven fan Douwe Egberts en argiven fan de Alvestêdeferiening, cd’s fan Fryske punk oant klassyk, it muontsewurk de  “Attische Nachten” út 836 nei Kristus en de mear as 150 bibliografyen makke troch J.J. Kalma, de âldste en nijste (Fryske) literatuer, wittenskiplike publikaasjes, digitale bestannen. En noch in hiel soad mear.

Wat der yn Fryslân bart en de ûntjouwingen steane net op harsels. Tink bygelyks oan de posysje fan it Frysk: om dy ferklearje te kinnen hawwe jo in brede kennis nedich oer meartaligens en minderheidstalen, net allinnich yn Fryslân, mar ek yn oare gebieten. Net al dy kennis sit yn ús eigen kolleksje. Dêrom biede wy ek tagong ta kolleksjes en digitale ynformaasjebestannen dy’t troch oaren beheard wurde.

Tresoar spilet dan ek in belangrike rol yn lanlike en regionale netwurken fan biblioteken en argiven. Op lanlik nivo bouwe wy bygelyks tegearre mei oare biblioteken oan de ’Collectie Nederland’. Tresoar is derby ferantwurdlik foar in oantal swiertepunten. Dat binne bygelyks ús brede kolleksje op it mêd fan de klassike âldheid en fan Judaica en Hebraica. Yn it ramt fan de University Campus Fryslân (UCF) makket Tresoar diel út fan it netwurk fan kennisynstelling yn Fryslân. Wy biede tagong ta ynformaasjeboarnen dy’t fan belang binne foar de UCF en de Fryske kennisynstituten, yn ús eigen kolleksje likegoed as dêrbûten.

Yn Tresoar brûst it fan aktiviteiten foar jong en âld: konserten, lêzingen, útstallings, edukative projekten, bernekolleezjes. Dêrnjonken is it in ideale romte foar wittenskippers, genealogen, studinten en skoalbern om yn alle rêst (tegearre) wurkje te kinnen oan ûndersyk en miskien wol in stikje fan harren eigen identiteit te finen.

Tresoar
Boterhoek 1
8911 DH Leeuwarden/ Ljouwert
Netherlands

* www.tresoar.nl
* www.facebook.com/Tresoar
* www.twitter.com/tresoar
* www.instagram.com/tresoar
* www.linkedin.com/company/tresoar
* www.youtube.com/user/tresoarboterhoek1
* www.flickr.com/photos/tresoar/
* www.pinterest.com/tresoar/
* plus.google.com/communities/109071753581317441359