en fy eu mk sl ga

André
Looijenga

Bitola

Bart
Kingma

Donostia

Réaltán
Ní Leannáin

Ljouwert

Marija
Makeska

Ljouwert

Gerard
De Jong

Donostia

Zarko
Naumovski

Ljouwert

André Looijenga

André Looijenga (*1982) has been actively involved in Frisian literature for about six years. Recently, he was described as ‘a classical philologist dabbling with poetry’. His verse was lauded as ‘of high quality and rather intelligent’, although admittedly this praise was given by a literary friend in the journal of which he himself is an editor.

André is mainly a writer of non-fiction prose (essays, reviews, travel sketches) and a translator. He is one of the editors of the Frisian literary journal Ensafh, which appears both in print and online. Furthermore, he is working on a book about Frisia in Antiquity and the Early Middle Ages, and on an anthology of Frisian literature.

André Looijenga grew up in a Frisian-speaking village, bilingual (a common euphemism for speaking Dutch), and has been recovering his Frisian linguistic identity ever since leaving the Province for his studies. He has read Classical Philology (i.e. Latin and Greek) and Ancient History at Groningen, Amsterdam and Durham (UK). Over the years, his academic interests have shifted towards the cultural history of languages. A teacher and a researcher who isn’t into over-specialisation, he aspires to become an all-round expert on Frisian language, culture and literature.

Currently, his primary literary projects in Frisian are writing a collection of travel stories, with special focus on linguistic diversity, and completing his first collection of poetry. He has translated prose and verse into Frisian from several languages, including English, Scots, German, Latin, Friulian, Polish, Kashubian and Ancient Greek.

In Bitola, he will write a literary travel reportage about the Republic of Macedonia, its languages, history and people. Apart from that, as editor of Ensafh, he wants to collaborate with Macedonian literary journals, establishing enduring connections between the linguistic areas. He wants to work together with poets and translators from Macedonia, in order to translate poetry from Southeastern Europe to the North Sea coast and vice versa.


Bart Kingma

Bart Kingma (Wommels, 1970) is oplaat as skriuwend sjoernalist oan de skoalle foar sjoernalistyk yn Zwolle. Hy begûn syn karriêre as krantesjoernalist by Boom Uitgevers yn Meppel, skriuwend foar ferskate blêden yn Drinte, Oerisel, Flevolân en Gelderlân. Nei ferrin fan tiid makke hy de oerstap nei de televyzjesjoernalistyk. Dêrwei ferskode stadichoan syn fokus fan sjoernalistyk nei rezjy en it skriuwen fan senario's. Earst foar kommersjele partijen, sûnt it jier 2000 as programmamakker foar de ôfdieling Skoaltelevyzje fan Omrop Fryslân Televyzje.

Foar de omrop makke hy edukative programma's fan bern fan 4 – 18 jier, lykas 'It Lân fan Efke' foar beukers, Studio F en Tsjek foar midden- en boppebou basisûnderwiis, de skiednisrige 11&30, en wurke hy as skriptskriuwer en soms regisseur oan dramasearjes foar it fuortset ûnderwiis, lykas I.K, De Utflecht en De Koers. Ek makke hy ferskate dokumentêres foar FryslânDok en regisearre hy televyzjesearjes as Muse en Tafel18.

Yn 2008 naam hy it inisjatyf en skreau hy de measte oersettings foar 'De Partizanen, in Frysk earbetoan oan Leonard Cohen', útfierd troch ferskate Fryske muzikanten. Dizze cd/dvd waard yn 2009 folge troch in muzikale teaterfoarstelling 'Prachtige Ferliezers', dy't Bart skreau.

Yn 2010 ferskynde syn debútroman Griene Simmer / Groene Zomer (útjouwerij Elikser), oer in man dy't fertize rekket yn gefoelens fan skuld oer wat er op krusjale mominten nét dien hat.

Yn 2013 skreau en regisearre hy de muzikale teaterfoarstelling 'Swart Langstme', dy't it wierbarde ferhaal fertelt fan de moard fan de Frânske sjonger Bertrand Cantat op de aktrise Marie Trintignant. De foarstelling waard útfierd troch Mariusz & de Muzikanten.

Yn 2015 ferskynde syn jeugdboek 'De deikoersen fan Remco', in ferhaal dat parallel rint oan de dramasearje De Koers. Yn datselde jier regisearre hy de foarstelling 'Op Alle Fronten' fan Inez Timmer, dy't it libbensferhaal fertelt fan Lale Andersen, de sjongeres fan de wrâldferneamde oarlochshit 'Lili Marleen'.

Dêrneist skriuwt Bart geregeldwei columns foar kulturiel opinyblêd De Moanne en foar it radioprogramma Buro De Vries, skriuwt en beheart hy in satiryske website De Bûten Post, en hat hy jierrenlang in ferhalen-fertelfestival organisearre: it MidSimmerJûn Festival yn Rie. Ek skriuwt hy sa no en dan songteksten foar bands en artysten as Vangrail, Gurbe Douwstra en Gerbrich van Dekken.

Réaltán Ní Leannáin

Réaltán ni Leannáin waard berne yn Belfast, se brocht har jeugdjierren, yn de jierren sechstich en santich, dêr troch, mar no wennet sy yn Dublin.

Yn 'e jierren tachtich begûn Réaltán les te jaan yn Iersk en Spaansk op middelbere skoallen yn Dublin. Sy hat in soad troch Spanje reizgje en hat sa de ferskate talen fan Spanje heard en belibbe. Sy makke letter in oerstap nei it heger ûnderwiis en joech les oan it Trinity College Dublin yn Dublin City University, en dêrnei oan Queen’s University Belfast.

Wylst se lesjoech oan Queen’s University Belfast krige se de diagnoaze kanker. Se sette yn op it  oerwinnen fan dizze tebeksetter en is doe begûn mei it skriuwen. Se hat in kolleksje poëzy skreaun, basearre op dizze ûnderfining, Turas Ailse (2011). Se blogget [http://turasailse.blogspot.ie/] oer kanker en oare libbensûnderfiningen sawol grut as lyts. Se skriuwt ek resinsjes oer nije boeken yn it Iersk [http://eithniu.blogspot.ie/] Sy Tweets as https: // twitter.com/RealtanNiL

Yn 2015 kaam útjouwer Clo Iar-Chonnacht mei de publikaasje fan har koarte ferhalen, Dílis [http://www.cic.ie/en/books/published-books/dilis]. In skamteleaze froulike werjefte fan it libben, it is in bestseller en hat kontroverze feroarsake troch it kompromisleaze perspektyf.

Réaltán hat ek de deiboeken fan Aoife Brennan oerset [http://www.amazon.com/Aoife-Brennan/e/B00BKJ1ZV8/ref=dp_byline_cont_ebooks_1], bitterswiete  beskôgingen fan de hjoeddeiske Ierske maatskippij.


Marija Makeska

Marija Makeska (1986) komt út de stêd Bitola yn de Republyk Masedoanië. Tusken 2003 en 2015 wenne se yn Detroit, USA. Se skriuwt poëzij en toniel. Yn 2014 ferskynde har dichtbondel The Book of Muses. Yn 2008 wûn se de Office of the Provost Grant foar in dokumintêre oer de Masedoanyske Joaden yn de Twadde Wrâldoarloch. Dy film waard fertoand op ferskate festivals, û.o. yn de USA, Canada, Oastenryk, Servië en Masedoanië. Har jongste film is Dear Alexandr (2015). De film nimt ús mei yn de perfekte wrâld fan Klara (Pauline Ann Johnson), dy't yn oerstjoer rekket mei de komst fan Anna (Rachel Elizabeth Porter) . Beide froulju bedarje yn in striid om de leafde foar Alexandr (George Avgoustis), in man dy't de finzene liket te wêzen fan Klara's dreamwrâld. Foar de trailer fan de film, sjoch: https://www.youtube.com/watch?v=r2sb3hEZ3eA


Gerard De Jong

Gerard de Jong (1979) is al santjin jier haadredakteur fan De Bildtse Post. Yn 2000 hat er de krante fan syn pake Gerryt Dirks de Jong oernommen. De Jong hat in brede sjoernalistike ûnderfining. Yn San Sebastián wol er in novelle yn it Biltsk skriuwe. ‘Blau fan dagen, griis fan onrust’ is de titel. It wurdt syn literêre debút: in op feiten basearre histoaryske novelle oer de Biltske bewustwurding, sjoen troch de eagen fan trije generaasjes Bilkerts. De novelle beskriuwt de wichtichste ûntjouwings fan en bedrigings foar it Biltsk fan 1980 oant no.

De Jong: ‘Met myn literêre novelle hoop ik wat del te setten; ’t Bildts ok as literêre taal te erkinnen, te ferankeren. Sien te laten dat ’t kín. De skop in onontgonnen grônd sette, as ’n literêre slikwerker terrain winne: fruchtbere grônd wer’t feerder op bouwd worre kin. ’t Is myn persoanlike missy en driiffeer in ’t leven. ’t Literêre ferblyf in San Sebastián is ’n unike, ‘once in a lifetime’ kâns om deuze droom te realiseren.’

De Jong siket yn syn novelle en blogs ûnder oaren antwurd op de fraach: ‘Hoe kinne wy literatuur brúkke om ’n hele klaine taal as it Bildts, die’t met nag 6000 sprekers sonder overdriving dos in syn foortbestaan bedraigd wort, steviger del te setten? ’n Fundamint kreëre fan werút ’t Bildts sels ok ’n nije maityd deurmake kin, en bestendig en met ’t hoofd omhoog de toekomst tegemoet kin?’

Foar mear ynformaasje en it sjueryrapport, sjoch op de webside fan Tresoar: klik https://www.tresoar.nl/nieuws/pages/gerard-de-jong-naar-san-sebastián.aspx#/?returnTo=/Pages/NieuwsE...http://https//www.tresoar.nl/nieuws/pages/gerard-de-jong-naar-san-sebasti%C3%A1n.aspx#/?returnTo=/Pages/NieuwsEnAgenda.aspx

Zarko Naumovski

Zarko Naumovski is berne yn Bitola op 24 july 1982. As lyts jonkje wie hy al ynteressearre yn poezij. Yn dy perioade kaam ek syn talint foar muzyk nei boppe, en op 9-jierrige leeftiid trede hy op op it Masedoanyske bernemuzykfestival SIDO.

Letter begûn Zarko mei gitaarspyljen en it skriuwen fan lietsjes. Hy spilet yn in band mar treedt ek wol op as solosjonger.

Syn mem is Aromaansk (‘Vlach’) en hy krige de kâns om beide talen te learen: Masedoanysk en Aromaansk. Hy begûn op jonge leeftiid mei it skriuwen fan gedichten, mar syn meast súksesfolle wurken publisearre hy yn syn middelbere skoalletiid. De twa populêre blêden “Nash svet” en “Bitolski vesnik” wiene bot te sprekken oer syn bysûndere skriuwstyl en begûnen syn gedichten te publisearjen.