en fy eu mk sl ga

Réaltán
Ní Leannáin

Ljouwert

André
Looijenga

Bitola

Bart
Kingma

Donostia

Marija
Makeska

Ljouwert

Gerard
De Jong

Donostia

Heinjaap
Hilarides

Maribor

Zarko
Naumovski

Ljouwert

Eneko
Aizpurua

Ljouwert

Karen
Bies

Dublin

Aifric
Mac Aodha

Ljouwert

Helena
Fošnjar

Ljouwert

Kristina
Kočan

Ljouwert

Jan Minno
Rozendal

Bitola

Réaltán Ní Leannáin

Réaltán ni Leannáin waard berne yn Belfast, se brocht har jeugdjierren, yn de jierren sechstich en santich, dêr troch, mar no wennet sy yn Dublin.

Yn 'e jierren tachtich begûn Réaltán les te jaan yn Iersk en Spaansk op middelbere skoallen yn Dublin. Sy hat in soad troch Spanje reizgje en hat sa de ferskate talen fan Spanje heard en belibbe. Sy makke letter in oerstap nei it heger ûnderwiis en joech les oan it Trinity College Dublin yn Dublin City University, en dêrnei oan Queen’s University Belfast.

Wylst se lesjoech oan Queen’s University Belfast krige se de diagnoaze kanker. Se sette yn op it  oerwinnen fan dizze tebeksetter en is doe begûn mei it skriuwen. Se hat in kolleksje poëzy skreaun, basearre op dizze ûnderfining, Turas Ailse (2011). Se blogget [http://turasailse.blogspot.ie/] oer kanker en oare libbensûnderfiningen sawol grut as lyts. Se skriuwt ek resinsjes oer nije boeken yn it Iersk [http://eithniu.blogspot.ie/] Sy Tweets as https: // twitter.com/RealtanNiL

Yn 2015 kaam útjouwer Clo Iar-Chonnacht mei de publikaasje fan har koarte ferhalen, Dílis [http://www.cic.ie/en/books/published-books/dilis]. In skamteleaze froulike werjefte fan it libben, it is in bestseller en hat kontroverze feroarsake troch it kompromisleaze perspektyf.

Réaltán hat ek de deiboeken fan Aoife Brennan oerset [http://www.amazon.com/Aoife-Brennan/e/B00BKJ1ZV8/ref=dp_byline_cont_ebooks_1], bitterswiete  beskôgingen fan de hjoeddeiske Ierske maatskippij.


André Looijenga

André Looijenga (*1982) has been actively involved in Frisian literature for about six years. Recently, he was described as ‘a classical philologist dabbling with poetry’. His verse was lauded as ‘of high quality and rather intelligent’, although admittedly this praise was given by a literary friend in the journal of which he himself is an editor.

André is mainly a writer of non-fiction prose (essays, reviews, travel sketches) and a translator. He is one of the editors of the Frisian literary journal Ensafh, which appears both in print and online. Furthermore, he is working on a book about Frisia in Antiquity and the Early Middle Ages, and on an anthology of Frisian literature.

André Looijenga grew up in a Frisian-speaking village, bilingual (a common euphemism for speaking Dutch), and has been recovering his Frisian linguistic identity ever since leaving the Province for his studies. He has read Classical Philology (i.e. Latin and Greek) and Ancient History at Groningen, Amsterdam and Durham (UK). Over the years, his academic interests have shifted towards the cultural history of languages. A teacher and a researcher who isn’t into over-specialisation, he aspires to become an all-round expert on Frisian language, culture and literature.

Currently, his primary literary projects in Frisian are writing a collection of travel stories, with special focus on linguistic diversity, and completing his first collection of poetry. He has translated prose and verse into Frisian from several languages, including English, Scots, German, Latin, Friulian, Polish, Kashubian and Ancient Greek.

In Bitola, he will write a literary travel reportage about the Republic of Macedonia, its languages, history and people. Apart from that, as editor of Ensafh, he wants to collaborate with Macedonian literary journals, establishing enduring connections between the linguistic areas. He wants to work together with poets and translators from Macedonia, in order to translate poetry from Southeastern Europe to the North Sea coast and vice versa.


Bart Kingma

Bart Kingma (Wommels, 1970) is oplaat as skriuwend sjoernalist oan de skoalle foar sjoernalistyk yn Zwolle. Hy begûn syn karriêre as krantesjoernalist by Boom Uitgevers yn Meppel, skriuwend foar ferskate blêden yn Drinte, Oerisel, Flevolân en Gelderlân. Nei ferrin fan tiid makke hy de oerstap nei de televyzjesjoernalistyk. Dêrwei ferskode stadichoan syn fokus fan sjoernalistyk nei rezjy en it skriuwen fan senario's. Earst foar kommersjele partijen, sûnt it jier 2000 as programmamakker foar de ôfdieling Skoaltelevyzje fan Omrop Fryslân Televyzje.

Foar de omrop makke hy edukative programma's fan bern fan 4 – 18 jier, lykas 'It Lân fan Efke' foar beukers, Studio F en Tsjek foar midden- en boppebou basisûnderwiis, de skiednisrige 11&30, en wurke hy as skriptskriuwer en soms regisseur oan dramasearjes foar it fuortset ûnderwiis, lykas I.K, De Utflecht en De Koers. Ek makke hy ferskate dokumentêres foar FryslânDok en regisearre hy televyzjesearjes as Muse en Tafel18.

Yn 2008 naam hy it inisjatyf en skreau hy de measte oersettings foar 'De Partizanen, in Frysk earbetoan oan Leonard Cohen', útfierd troch ferskate Fryske muzikanten. Dizze cd/dvd waard yn 2009 folge troch in muzikale teaterfoarstelling 'Prachtige Ferliezers', dy't Bart skreau.

Yn 2010 ferskynde syn debútroman Griene Simmer / Groene Zomer (útjouwerij Elikser), oer in man dy't fertize rekket yn gefoelens fan skuld oer wat er op krusjale mominten nét dien hat.

Yn 2013 skreau en regisearre hy de muzikale teaterfoarstelling 'Swart Langstme', dy't it wierbarde ferhaal fertelt fan de moard fan de Frânske sjonger Bertrand Cantat op de aktrise Marie Trintignant. De foarstelling waard útfierd troch Mariusz & de Muzikanten.

Yn 2015 ferskynde syn jeugdboek 'De deikoersen fan Remco', in ferhaal dat parallel rint oan de dramasearje De Koers. Yn datselde jier regisearre hy de foarstelling 'Op Alle Fronten' fan Inez Timmer, dy't it libbensferhaal fertelt fan Lale Andersen, de sjongeres fan de wrâldferneamde oarlochshit 'Lili Marleen'.

Dêrneist skriuwt Bart geregeldwei columns foar kulturiel opinyblêd De Moanne en foar it radioprogramma Buro De Vries, skriuwt en beheart hy in satiryske website De Bûten Post, en hat hy jierrenlang in ferhalen-fertelfestival organisearre: it MidSimmerJûn Festival yn Rie. Ek skriuwt hy sa no en dan songteksten foar bands en artysten as Vangrail, Gurbe Douwstra en Gerbrich van Dekken.

Marija Makeska

Marija Makeska (1986) komt út de stêd Bitola yn de Republyk Masedoanië. Tusken 2003 en 2015 wenne se yn Detroit, USA. Se skriuwt poëzij en toniel. Yn 2014 ferskynde har dichtbondel The Book of Muses. Yn 2008 wûn se de Office of the Provost Grant foar in dokumintêre oer de Masedoanyske Joaden yn de Twadde Wrâldoarloch. Dy film waard fertoand op ferskate festivals, û.o. yn de USA, Canada, Oastenryk, Servië en Masedoanië. Har jongste film is Dear Alexandr (2015). De film nimt ús mei yn de perfekte wrâld fan Klara (Pauline Ann Johnson), dy't yn oerstjoer rekket mei de komst fan Anna (Rachel Elizabeth Porter) . Beide froulju bedarje yn in striid om de leafde foar Alexandr (George Avgoustis), in man dy't de finzene liket te wêzen fan Klara's dreamwrâld. Foar de trailer fan de film, sjoch: https://www.youtube.com/watch?v=r2sb3hEZ3eA


Gerard De Jong

Gerard de Jong (1979) is al santjin jier haadredakteur fan De Bildtse Post. Yn 2000 hat er de krante fan syn pake Gerryt Dirks de Jong oernommen. De Jong hat in brede sjoernalistike ûnderfining. Yn San Sebastián wol er in novelle yn it Biltsk skriuwe. ‘Blau fan dagen, griis fan onrust’ is de titel. It wurdt syn literêre debút: in op feiten basearre histoaryske novelle oer de Biltske bewustwurding, sjoen troch de eagen fan trije generaasjes Bilkerts. De novelle beskriuwt de wichtichste ûntjouwings fan en bedrigings foar it Biltsk fan 1980 oant no.

De Jong: ‘Met myn literêre novelle hoop ik wat del te setten; ’t Bildts ok as literêre taal te erkinnen, te ferankeren. Sien te laten dat ’t kín. De skop in onontgonnen grônd sette, as ’n literêre slikwerker terrain winne: fruchtbere grônd wer’t feerder op bouwd worre kin. ’t Is myn persoanlike missy en driiffeer in ’t leven. ’t Literêre ferblyf in San Sebastián is ’n unike, ‘once in a lifetime’ kâns om deuze droom te realiseren.’

De Jong siket yn syn novelle en blogs ûnder oaren antwurd op de fraach: ‘Hoe kinne wy literatuur brúkke om ’n hele klaine taal as it Bildts, die’t met nag 6000 sprekers sonder overdriving dos in syn foortbestaan bedraigd wort, steviger del te setten? ’n Fundamint kreëre fan werút ’t Bildts sels ok ’n nije maityd deurmake kin, en bestendig en met ’t hoofd omhoog de toekomst tegemoet kin?’

Foar mear ynformaasje en it sjueryrapport, sjoch op de webside fan Tresoar: klik https://www.tresoar.nl/nieuws/pages/gerard-de-jong-naar-san-sebastián.aspx#/?returnTo=/Pages/NieuwsE...http://https//www.tresoar.nl/nieuws/pages/gerard-de-jong-naar-san-sebasti%C3%A1n.aspx#/?returnTo=/Pages/NieuwsEnAgenda.aspx

Heinjaap Hilarides

Hein Jaap Hilarides is skriuwer en muzikant. Hy skriuwt proaza en poëzij yn it Frysk, Biltsk en Nederlânsk. Yn 2017 ferskynde syn roman De Trekker fan Troaje. Yn 2014 publisearre er Stimd Slik, in boek mei gedichten yn it Biltsk mei skilderijen fan Biltske lânskip troch Hendrik Elings. Mear oer it literêre wurk fan Hein Jaap Hilarides lêze jo op: www.heinjaaphilarides.nl 

Doe’t er yn Maribor (Slovenië) tahold, hat Hilarides wurke oan syn nije roman. De beppe fan Friso Wassenaar, de haadfiguer fan de roman, is yn de jierren ’30 fan de 20e iuw út Maribor (of Marburg) foar Friso syn pake nei Fryslân emigrearre. Hoe hat sy har jeugd yn Maribor ûnderfûn, as lid fan de Dútsktalige minderheid? Hoe wie it om Dútsk(talich) te wêzen yn Fryslân krekt foar en yn de Twadde Wrâldoarloch? Om dit personaazje realistysk te karakterisearjen, hat Hein Jaap Hilarides op ûndersyk út west nei de begjin-20e-iuwske skiednis fan Maribor.


Zarko Naumovski

Zarko Naumovski is berne yn Bitola op 24 july 1982. As lyts jonkje wie hy al ynteressearre yn poezij. Yn dy perioade kaam ek syn talint foar muzyk nei boppe, en op 9-jierrige leeftiid trede hy op op it Masedoanyske bernemuzykfestival SIDO.

Letter begûn Zarko mei gitaarspyljen en it skriuwen fan lietsjes. Hy spilet yn in band mar treedt ek wol op as solosjonger.

Syn mem is Aromaansk (‘Vlach’) en hy krige de kâns om beide talen te learen: Masedoanysk en Aromaansk. Hy begûn op jonge leeftiid mei it skriuwen fan gedichten, mar syn meast súksesfolle wurken publisearre hy yn syn middelbere skoalletiid. De twa populêre blêden “Nash svet” en “Bitolski vesnik” wiene bot te sprekken oer syn bysûndere skriuwstyl en begûnen syn gedichten te publisearjen.


Eneko Aizpurua

Eneko Aizpurua Urteaga is berne yn Lazkao (Gipuzkoa) yn 1976, mar wennet tsjintwurdich yn Pamplona (Iruñea), de haadstêd fan Navarra. 

Hy hat oant no ta trije misdiedsromans yn it Baskysk publisearre: Lehertu da festa (‘It feest is begûn’, Erein, 2016), Herensuge gorriaren urtea (‘It jier fan de reade draak’, Erein, 2013) en Errauts (‘Jiske’, Erein, 2011).

Yn 2008 wûn er in twadde priis yn de Literêre Wedstriid foar Jonge Skriuwers fan it Stedsbestjoer fan Iruñea/Pamplona, mei it koarte ferhaal Fortunaren gurpila (‘It rêd fan fortún’).

Yn 2017 sette er it essee Der Europäische Landbote fan de Eastenrykske skriuwer Robert Manasse oer yn it Baskysk, ûnder de titel Europar mezularia (Katakrak). 

Eneko is ôfstudearre jurist en wurket op it heden as oersetter by de Iepenbiere Universiteit fan Navarra (Universidad Pública de Navarra / Nafarroako Unibertsitate Publikoa).

Yn it neijier fan 2017 hat Eneko twa moanne as gast-skriuwer wenne en wurke yn Ljouwert. 

Karen Bies

Skriuwster en programmamakster Karen Bies is troch de sjuery van it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden útkeazen foar in ferbliuw yn Ierlân. Fan de tsien ynstjoerde skriuwplannen fûn de sjuery dat fan Karen it sterkst. De kommisje is fan betinken dat Karen mei har kar foar in aktueel ûnderwerp, in multymediale foarm en in wichtige doelgroep hiel goed oanslút by de opset fan it Oare Wurden-projekt.
 
Bies neamt har ambisjeuze plan ‘de simmer fan Ids’. Se wol yn Ierlân in Frysk ferhaal foar jongeren (15 oant 20 jier) skriuwe, mar úteinlik moat it in roman en filmsenario foar in muzykfilm opsmite. Se wurket dêrby gear mei in echte band, de Fryske band WIEBE. Se kiest bewust foar dizze doelgroep om’t se fan betinken is dat der te min oan Frysktalige boeken, searjes en film foar jongeren ferskynt. Mear oer it plan en oer de beoardieling fan de sjuery is te lêzen yn it sjueryrapport.
 
Karen Bies (1968) is kultuerredakteur, ferslachjouwer en presintator by Omrop Fryslân. Sy makket reportaazjes foar radio en tv. Sûnt 2013 presintearret sy it Grut Frysk Diktee op de Fryske telefyzje. Karen sit yn de redaksje fan kultureel tydskrift de Moanne en skriuwt ynterviews, kollums en ferhalen. Karen sil kommende simmer 8 wiken ferbliuwe yn it Ierske plak Belmullet. Se sil geregeldwei publisearje oer har ûnderfiningen fia in blog op de webside fan Oare Wurden.

Foar dit ferbliuw yn Ierlân hiene mar leafst tsien kandidaten har oanmeld: fiif skriuwers en fiif skriuwsters. Yn it goed twajierrich bestean fan dit projekt is dat in rekôr. Der sieten foarstellen by foar poëzij, proaza, graphic novel, toaniel en reisferhalen. De beoardielingskommisje bestie út Marijke de Boer, Bart Kingma en Tryntsje van der Steege.
 
Eardere Fryske dielnimmers oan Oare Wurden wienen André Looijenga yn de stêd Bitola (Masedoanië), Bart Kingma en Gerard de Jong yn San Sebastián (Baskelân) en Hein Jaap Hilarides yn Maribor (Slovenië).
 
Other Words/Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It projekt is ûnderdiel fan it LF2018-programma Lân fan Taal, dat as doel hat om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens te posisjonearjen.

Aifric Mac Aodha

Aifric Mac Aodha is berne yn 1979. Har debútbondel Gabháil Syrinx(‘De fangst fan Syrinx’) waard yn 2010 útbrocht troch An Sagart, en har nijste dichtbondel Foreign Newsis publisearre troch The Gallery Press (2017).

Se hat redakteur west fan it literêre tydskrift Comhar, en se is no redakteur foar Iersktalige poëzij foar The Stinging Fly, gorseen Poetry Ireland syn periodyk Trumpet. De Rie foar de Keunsten fan Ierlân hat har fjouwerris in wurkbeurs takend. Har wurk is ferskynd yn ferskate tydskriften, wêrûnder POETRY Young Irish Poets, en it is oerset yn in protte talen lykas Frânsk, Dútsk, Italiaansk, Spaansk en Tsjechysk.

Aifric is yn 2010 ôfstudearre yn Ald- en Nij-Iersk oan it University College Dublin en se hat hiel wat jierren les en kolleezje jûn oer Ierske taal- en letterkunde. Op dit stuit wurket se as redakteur by de Iersktalige útjouwerij An Gúm.


Helena Fošnjar

Helena Fošnjar (berne yn Maribor, 1979) hat Ingelsk studearre oan de Universiteit fan Ljubljana. Se wurket sûnt in stik as wat jierren as oersetter fan Ingelsk nei Sloveensk. Se set foaral teksten oer op it mêd fan de geasteswittenskippen, en dan benammen oer hjoeddeiske keunst, bgl. foar lokale keunst- en ûnderwiisynstellings lykas Kibla (sintrum foar kultuer en ûnderwiis), Subkulturni Azil, X-OP (sintrum foar moderne keunst), de Keunstgalerie fan Maribor en oaren, en oer ûnderwiis en ûnderwiiskunde. Se behearsket net inkeld it Ingelsk, mar ek floeiend Italiaansk en Kroätysk (en ta in hichte Dútsk en Frânsk).

Kristina Kočan

Kristina Kočan (1981) is dichter en oersetter. Yn 2016 is se promovearre op hjoeddeiske Amerikaanske poëzij oan de Universiteit fan Maribor. Se hat trije dichtbondels publisearre: har meast resinte bondel is šivje (Maribor: Litera 2018), foarôfgien troch Kolesa in Murve (Ptuj: Zavod Itadakimasu 2014) en Šara (2008). Har earste bondel Šarawaard nominearre foar de priis foar it bêste Sloveenske debút. Har poëzij is oerset yn it Ingelsk, Hongaarsk, Tsjechysk, en Kroätysk / Bosnysk / Servysk. 

Yn 2009 ferskynde har oersetting fan in seleksje fan gedichten fan Audre Lorde, mei as titel Postaje (‘Stasjons’, Ljubljana: ŠKUC). Earder wurke se mei oan it oersetten fan in blomlêzing fan Afro-Amerikaanske poëzij, ûnder de titel Govoreči boben (‘De sprektrommel’, Murska Sobota: Separatio 2006). Kristina har gedichten, oersettings en artikels wurde rigelmjittich publisearre yn literêre tydskriften yn Slovenië en dêrbûten.

Yn 2015 is se úteinset mei in yntensive gearwurking mei muzikanten. Se skriuwt lietteksten foar de Sloveenske band Brest, en yn optredens kombinearret se har fersen mei perkusje yn ’e mande mei de drummer Denis Jančič. Ut en troch docht se redaksjewurk en jout se poëzij-workshops.

Op it heden wurket Kristina Kočan oan har earste bondel koarte ferhalen, dy’t útkomme sil yn 2019. Se wennet yn Maribor.

Jan Minno Rozendal

Histoarikus en publisist Jan Minno Rozendal is troch de sjuery fan it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden útkeazen foar in ferbliuw yn Masedoanië.

Rozendal wol tidens syn ferbliuw begjinne oan in biografy fan Douwe Kalma. As oprjochter fan de Jongfryske Mienskip en skriuwer fan it essay 'Fryslân en de Wrâld' joech Kalma goed hûndert jier lyn in enoarme ympuls oan it selsbewustwêzen en de eigenwearde fan de Friezen. Rozendal wol graach in wittenskiplik ferantwurde biografy skriuwe en sjocht syn ferbliuw yn Masedoanië as in prelude op dit ambisjeuze skriuwprojekt. Mear oer it plan en oer de beoardieling fan de sjuery is te lêzen yn it sjueryrapport.

Jan Minno Rozendal (1979) is berne yn de Westereen en wennet no yn Grins. Yn dy stêd hat hy skiednis studearre. Yn ‘e simmer fan 2014 krige hy âlde memoires yn hannen dy’t hy ferwurke hat ta syn debútroman Drift, dy’t begjin 2017 útkaam. In jier letter kaam syn twadde wurk De Fluchste Blankeút. Beide boeken binne histoaryske romans: it earste spilet him ôf om 1910 hinne, de twadde om de Twadde Wrâldkriich hinne. De lêste oardel jier hat hy boppedat dwaande west mei in biografy fan de dichter en Fryske strider Anders Minnes Wybenga (1881-1948), dy’t yn septimber 2018 it ljocht seach.